Heechleararen: Frysk fertsjinnet likefolle oandacht fan ûnderwiisminister as Nederlânsk

28 jan 2020 - 14:15

Fjouwer heechleararen Frysk oan Nederlânske universiteiten hawwe minister Van Engelshoven moandei yn in iepen brief frege om it Frysk in lykweardige posysje te jaan yn de beliedsfoarming by it ministearje fan Underwiis.

Foto: ANP

De Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen brocht ôfrûne hjerst in rapport út oer de tastân fan de Nearlandistyk oan Nederlânske universiteiten. It oantal studinten Nederlânsk naam de ôfrûne jierren sterk ôf en de minister frege de Akademie om in analyze te meitsjen en om in foarstel om de ynstream fan studinten te fergrutsjen.

Heechleararen

De Fryske iepen brief is ûndertekene troch heechleararen Goffe Jensma (RUG), Arjen Versloot (UvA), Hans van de Velde (UU) en R.H. Bremmer (Leiden). "Wy heechleararen Frysk oan Nederlânske universiteiten wolle hjirby opmerke dat de twadde offisjele rykstaal fan Nederlân, it Frysk, spitigernôch net neamd wurdt yn dat rapport", skriuwe se.

Spesjale ferantwurdlikheid

"Nederlân hat in spesjale ferantwurdlikheid foar it Frysk, lykas erkend troch it Ryk mei it ynfieren fan 'e Fryske Taalwet en it ûndertekenjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen (en de útwurking dêrfan yn' e Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023) en fan it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden."

Se freegje dêrom om de foarstelde maatregels fan it KNAW ek op it Frysk taalûnderwiis fan tapassing te meitsjen. Ek freegje se garandearre finansiering foar op syn minst ien folsleine bachelor en masteroplieding, in kompensaasje foar ûnderwiismasters en it ferleegjen fan it ynskriuwjild foar in twadde master.

(advertinsje)
(advertinsje)