Janny Vlietstra nije foarsitter ried fan kommissarissen Thialf

De oandielhâlders fan Thialf hawwe âld-Earste Keamerlid Janny Vlietstra beneamd as foarsitter fan de ried fan kommissarissen (rfk). Dêrmei is de rfk wer kompleet. Vlietstra sil de rol fan foarsitter yn elts gefal de kommende seis moannen ferfolje. Nei dy seis moannen sille oandielhâlders en rfk beprate oft Vlietstra oanbliuwe kin.
© Omrop Fryslân
Vlietstra wennet yn Ljouwert. Se wie earder gemeenteriedslid en wethâlder yn Ljouwert en boargemaster fan ferskate gemeenten yn Grinslân en Drinte. Fan 2011 oant en mei 2015 en fan 2017 oant en mei 2019 wie se lid fan de Earste Keamer. Op dit stuit is sy ûnder oare foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Afvalsturing Friesland en soarchynstelling ZINN yn Haren.

Minne Dolstra

De direksje fan Thialf sil bystien wurde troch Minne Dolstra fan Norg. De ekstra direksjefunskje dy't Dolstra oannimt, is op projektbasis en duorret oant de winske resultaten fan de útwreiding berikt binne. De útwreiding fan de direksje is ien fan de maatregels dy't de provinsje tegearre mei mei-oandielhâlder gemeente Hearrenfean yn desimber naam nei oanlieding fan de finansjele tekoarten by Thialf.
Thialf © Wikipedia
"Met Janny Vlietstra krijgt de raad van commissarissen veel bestuurlijke ervaring in huis die zeker in de huidige lastige fase waarin Thialf verkeert hard nodig zal zijn", seit deputearre Sander de Rouwe, út namme fan de oandielhâlders provinsje Fryslân en gemeente Hearrenfean. "Ook ben ik blij dat Thialf met de komst van Minne Dolstra op korte termijn de directie kan versterken om aan de slag te gaan met de gevraagde besparingen en het herstelplan."
Ek direkteur Marc Winters reagearret posityf en joech earder al oan bliid te wêzen mei de foarstelde útwreiding: "Voor Thialf zie ik dit als een kans. We zijn een mkb-bedrijf met de uitdagingen van een grootbedrijf. Het vergroot de kans van slagen onze actuele uitdagingen te verslaan nu er op de belangrijkste dossiers extra slagkracht is georganiseerd".

De Rouwe: tekoart moat nei nul

Neffens deputearre Sander de Rouwe moatte de tekoarten oanpakt wurde: "Wy wolle ferbetteringen op it finansjele mêd, dêrom moatte der minsken by. It tekoart fan 7 oant 9 ton it jier is te grut. Wy hawwe as provinsje 50 miljoen euro betelle, dy bydrage hoege wy net werom. Mar wy wolle der net elts jier wer jild by lizze. Dus de swarte sifers moatte nei nul."
Deputearre Sander de Rouwe oer de nije bestjoerders fan Thialf