Nije regeling foar monuminten

11 jul 2012 - 10:14

Fryslân jout dit jier by it jaan fan subsydzje foar restauraasje fan monuminten ekstra jild oan gebouwen dy't in nije bestimming krije. It giet dan bygelyks om apparteminten yn in âld pakhûs of in bedriuw yn in momintale mûne. Mei-inoar is der 2,5 miljoen euro subsydzje foar restauraasje. Dêrfan is ien miljoen foar gebouwen dy't in nije bestimming krije.

Deputearre Jannewietske de Vries tinkt dat mei de stipe foarkommen wurde kin dat âlde gebouwen hiel lang leech steane en fertutearzje. De subsydzje kin fan 8 septimber ôf oanfrege wurde.

(advertinsje)