Hôf stelt ûntbining Hells Angels út

De Hells Angels hoege foarearst net ûntbûn te wurden. It gerjochtshôf yn Arnhem stelt dat de motorklup it heger berop ôfwachtsje mei. De klup hat ek in ôfdieling yn Harns.
De Hells Angels yn Harns moasten yn maaie foarich jier it logo fan harren klupgebou helje © Kappers Media
De rjochtbank yn Utrecht besliste foarich jier dat de Hells Angels ferbean en ûntbûn wurde moatte, nettsjinsteande it heger berop. It hôf yn Arnhem stelt lykwols dat de útfiering fan dy beslissing útsteld wurdt salang't der noch gjin fonnis is yn heger berop.
Neffens it hôf is de ûntbining fan de motorklup net werom te draaien as yn it heger berop in oar fonnis falt as by de rjochtbank. Ek foar leden fan de Hells Angels hat it fonnis fan de rjochtbank al gefolgen. Guon binne ûntslein of op non-aktyf setten, om't se lid wiene fan in organisaasje dy't neffens de rjochtbank geweld fasilitearre en ferhearlike.
It gerjochtshôf seit mei klam dat it útstel fan de ûntbining gjin konsekwinsjes hat foar it úteinlike fonnis. De ynhâldlike behanneling fan it heger berop is op 26 maaie.