Houtsjes fan skoanmem soargje foar grutte samling redens yn Jobbegea

28 jan 2020 - 11:21

Mear as fiifhûndert redens lizze der al yn it nostalgysk reedrydmuseum fan Kleis Oenema yn Jobbegea. Ek al hawwe wy al efkes gjin strange winter mear hân, Oenema sammelet al jierren bysûndere en âlde redens yn syn garaazje.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De samling fan Oenema is begûn doe't syn skoanmem fan 70 jier yn de tachtiger jierren op it iis foel. "Ik seach it gebeuren. Se foel achteroer en dat die har knap sear. Dus de redens kamen der ûnder wei en we rinne nei hûs ta. Se goait se op de skoarre en seit: brân se mar op, ik ryd nea wer! Ik ha se oan in spiker hongen en dêr binne in pear by kaam."

De redens fan Oenema's skoanmem ha in prominint plakje op 'e planke krigen. In blomke leit derby. De samling fan Kleis is yntusken sa grut wurden, dat hy sels syn hok grutter meitsje litten hat. Der is yn els gefal noch romte foar goed 150 redens.

Earder seach ferslachjouwer Johanna Brinkman al by de iiswegensintrale fan Snits:

Kleis is foaral sljocht op âldere eksimplaren: houtsjes. Hy hat se út alle provinsjes, mar ek út Ingelân, Amearika, Kanada, Dútslân, België, Japan, Tsjechië en Italië. Njonken in hiel soad houtsjes lizze der ek ekstra bysûndere eksimplaren, lykas krolredens.

"Ut Amearika komme dy, út 1650. Dy binne hiel âld. Folslein fan metaal mei in grutte krol. Minsken woene har doetiids ûnderskiede mei it model fan de redens. Dêr koene se yndruk mei meitsje."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Aldste út 1620

Feilich efter glês lizze de âldste houtsjes út 1620. De learen bantsjes dêr't de redens mei om 'e fuotten bûn waarden binne troch de jierren hinne fergean.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Wat wol Oenema noch yn syn museum ha? "No ja, ik sykje der al tolve of trettjin jier om. Dat binne aluminiumredens fan Spanninga op De Jouwer. Dus as ien dy noch hat, dan haw ik dêr wol wat sinten foar oer!"

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Jobbegea (1)

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Jobbegea (2)

Fan moandei 27 jannewaris oant en mei snein 2 febrewaris is de iiswike by Omrop Fryslân te folgjen op radio, telefyzje en online. Ek is der in spesjale muzykstream op omropfryslan.nl te finen mei muzyk fan de iisbaan. Mear ynformaasje oer de iiswike en de aksjebetingsten om kâns te meitsjen op de keunstiisbaan binne te finen op omropfryslan.nl/iiswike.

Trefwurden: 
Jobbegea iiswike Kleis Oenema
(advertinsje)
(advertinsje)