"Ofstjitten ôfdieling Philips hat nei alle gedachten gjin gefolgen foar Drachten"

28 jan 2020 - 10:48

Elektroanikakonsern Philips wol de produksje fan húshâldlike apparaten fan de hân dwaan, mar der is in goeie kâns dat de fêstiging yn Drachten dêr net fan te lijen ha sil. Dat tinkt it fakbûn CNV.

Yn Drachten sit in fabryk dat skearapparaten produsearret en ek in ûndersyks- en ûntwikkelsintrum foar húshâldlike tapassingen. Neffens it CNV sjocht Philips skearapparaten as persoanlike fersoarging, mei in medysk tintsje. Philips wol him krekt konsintrearje op medyske apparaten.

It nijs kaam neffens Arjan Huizinga fan it CNV as "een donderslag bij heldere hemel". "Wij zijn gewend dat voordat de media geïnformeerd wordt, vakbonden worden geïnformeerd over voorgenomen besluiten. Dat is vandaag blijkbaar anders gelopen."

Foto: Philips

Ut stikken dy't Huizinga no ta syn beskikking hat, kin er opmeitsje dat 11 fan de 16 ûndernimmingsrieden rekke wurde. "Ik sluit niet uit dat dat business-units in Drachten zal raken."

Unrêst

Yntusken hat der noch gjin ynhâldlik kontakt west mei Philips. It bûn wol sa gau as mooglik yn petear. "We willen in eerste instantie duidelijkheid. Dit soort berichtgeving leidt tot onrust. Wij willen weten hoeveel medewerkers zullen worden geraakt en wat wij samen kunnen betekenen om deze mensen te helpen naar een nieuwe positie, binnen of buiten Philips."

Arjan Huizinga fan it fakbûn CNV

Trefwurden: 
Drachten CNV Philips
(advertinsje)
(advertinsje)