UPDATE: Dyk Lauwerseach wer iepen, lang ticht troch frachtwein yn sleat

28 jan 2020 - 13:15

Op de N361 tusken Eanjum en Lauwerseach is tiisdeitemoarn in frachtwein yn 'e sleat bedarre. Nei alle gedachten rekke de sjauffeur yn de berm en koe hy dêr net mear op 'e tiid út reitsje. It leechsûgjen en losmeitsjen fan de frachtwein duorre langer as tocht en pas om 20.00 oere hinne koe de dyk wer iepen.

Foto: Provinsje Fryslân

De dyk tusken Eanjum en Lauwerseach wie sûnt tiisdeitemoarn ôfsletten foar ferkear. Dat ferkear moast omride, bygelyks fia Zoutkamp. De frachtwein lei lang yn de sleat. In berger wie dwaande om dy út de sleat te heljen. Dêrfoar moast de frachtwein earst leechsûge wurde.

De sjauffeur kaam mei de skrik frij en rekket dêrby net ferwûne.

Foto: 112Groningen.nl
Trefwurden: 
ûngelok frachtwein N361 Eanjum
(advertinsje)
(advertinsje)