Ljouwerter bedriuweterrein moat folslein swalkôffalfrij wurde

28 jan 2020 - 08:33

De Hemrik yn Ljouwert moat ien fan de earste swalkôffalfrije bedriuweterreinen yn Noard-Nederlân wurde. Om dat te berikken wurket de bedriuwsferiening gear mei Zienn. Kliïnten fan de soarchynstelling sille it bedriuweterein skjin meitsje en hâlde.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neffens parkmanager Harm Mink is it kontakt mei Zienn ûntstien nei't it bedriuw lid waard fan de bedriuwsferiening. "Wy hawwe doe mei-inoar yn petear west en sy woene wol graach gearwurkje mei ús."

Opromploech

It bedriuweterrein De Hemrik is 150 bunder grut. In ploech fan fjouwer minsken sil regelmjittich De Hemrik oer om op te rêden. Sy dogge dat mei in spesjaal oankochte bakfyts.

Mar hoe smoarch is it terrein dan? "Ik haw der lêsten op letten, en dan sjochst al it ôffal pas", neffens Mink. "Ik tink dat fytsers harren guod njonken it fytspaad smite of wurknimmers dy't kuierje en ek guod fuortsmite."

Swalkôffalfrij

It doel: in skjin en ôffalfrij bedriuweterrein. Mar net allinne troch de opromploech, seit Mink. "It stribjen is dat as wy roppe dat De Hemrik folslein ôffalfrij wurde moat, dat bedriuwen en wurknimmers op it terrein dêr sels ek oan meiwurkje sille."

Parkmanager Harm Mink

(advertinsje)
(advertinsje)