Kollum: "Bern mei gouden hantsjes"

"Oan it begjin fan Ik bin PRO, de nije searje fan Omrop Fryslân, lit presintator Raynaud Ritsma sjen hoe't it Nederlânsk ûnderwiis yninoar stekt. Fan it VWO giet it nei it VSO, it Fuortset Spesjaal Underwiis. De ljedder giet fan heech nei leech, leit er út. Dat byld soe radikaal oars moatte, tocht ik op dat momint. Lis dy ljedder op 'e kant, datst allinne mar in hoarizon krigest. Net alle bern sitte op itselde plak, mar wol allegear op deselde kime.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Kwalifikaasjes as heech en leech soargje foar in stimpel. Dat meitsje de bern yn it yntro fan de ôflevering de taskôger skrinende dúdlik. 'Do moatst nei in dommere skoalle,' werhellet ien fan harren wat tsjin him sein wurden is, 'do hearst hjir net thús.' 'Net ien sit op ús te wachtsjen,' antwurdet in famke op de fraach wat der barre sil nei't se fan skoalle komme. In oar seit dat se 'eins net de muoite wurdich binne'.
Sokke útspraken taaste djip yn it moed. Se wurde dien troch bern dy't de dupe binne fan de prestaasjemaatskippij en kennisekonomy fan no. Jonge minsken mei in leech selsbyld. Wat wolle je ek, as je sa faak te hearren krigen hawwe dat je neat kinne. Yn Ik bin PRO komt dat ferhaal oan 'e oarder. In ferhaal dat as in spegel tsjinnet foar it ûnderwiissysteem.
Mar lit ús ek net de rol fan in protte âlden ferjitte. Alden dy't harren eigen ûnferfolle dreamen troch de strôt fan de bern triuwe. Dy't, as bern it advys fan VMBO of PRO krije, der by de skoalle op oanstean om dochs in heger (dêr gean wy wer) advys te jaan. Heiten en memmen dy't it as in persoanlike nederlaach sjogge as harren neiteam stukadoar wurde wol, strjitlizzer, ferpleechkundige of boufakker. Geweldige, ûnmisbere beroppen dy't yn de eagen fan dy âlden gjin status ha. Blykber is foar sokke opfieders dingen witte folle belangriker as dingen dwaan. Wylst de BV Nederlân just suksesfol wurden is troch de hannen út 'e mouwen te stekken en oan 'e slach te gean.
En dat is no krekt wat de bern fan Ik bin PRO oanbean krije. Wurkje mei de hannen, leare mei de hannen. Se leare it libben net kennen út in boek, mar yn de praktyk. It binne just de bern fan Ik bin PRO dy't Nederlân de kommende desennia oan 'e praat hâlde moatte. De bakkers en de mitselers, de auto- en ynstallaasjemonteurs, de ferpleechkundigen dy't witte hoe't je gips oanlizze om de stikkene pols fan in kommunikaasjemeiwurker, in mediadeskundige of in 'influencer'.
It binne de Jitzes, Joshua's, Silkes en Yara's dy't noed stean foar it funksjonearjen fan de maatskippij. Foar al dy toppers yn 'e dop soe in byld komme moatte. Wy ha al De Denker fan Rodin, dêr soe ergens yn Nederlân in byld fan De Doener, De Dogger, by komme moatte. Makke troch ien dy't goed mei de hantsjes is."