Minister De Jonge op CDA-gearkomste Frjentsjer: fan Lelylijn oant soarch

28 jan 2020 - 07:02

Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport woe moandei op in CDA-gearkomste yn Frjentsjer gjin tasizzingen dwaan oer de Lelylijn. Hy waard wol útdage troch de pleatslike ûndernimmers en direkteur Ton Schroor fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"We hebben ondernemers nodig om ons de weg te wijzen", wie ien fan de opmerkingen fan minister De Jonge. Mar doe't dat paadwizen yn de rjochting fan it spoar gie, die bliken dat hy dochs in stik foarsichtiger wie.

Lelylijn

Hy begriepe de arguminten foar de Lelylijn, mar wiisde ek op de grutte ynvestearringen dy't dêr by hearre. "Zoals het hoort op avonden zoals deze, krijg je ook altijd een boodschap mee naar Den Haag. Zo beschouw ik dit dan ook maar", sei de minister.

Minister Hugo de Jonge oer de Lelylijn

Yn in yntermezzo krige ek Annie Bakker fan Wier it wurd. Sy hat sels in spiersykte en har man hat in harsenynfarkt hân. Fia de WMO (Wet maatschappelijke ondersteuning) krije sy jild om sels help yn te hieren. Mar op dat budzjet hat de gemeente Waadhoeke bot besunige, sadat se no helpferlieners minder betelje kin as sy eins fertsjinje. Frou Bakker die in emosjoneel berop op de minister om hjir wat oan te dwaan.

Ek al giene se noch efkes mei inoar yn petear, in tasizzing kaam der ek foar har net. "In de eerste plaats is het hier de gemeente die het beleid bepaalt, bovendien zit ik natuurlijk erg op afstand. Maar ik zeg u wel toe er naar te kijken", sa sei de minister.

Annie Bakker fan Wier

Annie Bakker yn petear mei minister De Jonge - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
Trefwurden: 
CDA Wmo Hugo de Jonge Lelylijn
(advertinsje)
(advertinsje)