Brân yn Drachten nei alle gedachten oanstutsen; plysje siket tsjûgen

28 jan 2020 - 15:59

In opmerksume buorfrou hat moandeitenacht foarkommen dat it hûs fan har buorlju ôfbrânde. De bewenster fan it Skuttersfjild yn Drachten hearde it brânalarm ôfgean. Se seach fjoer yn it hûs fan de buorlju, dêr't op dat momint net ien thús wie. De plysje hâldt rekken mei brânstifting en is dêrom op 'e syk nei tsjûgen.

Foto: ProNews

De frou warskôge de helptsjinsten. De plysje wie der as earste. De plysjeminsken brutsen de doar iepen en makken it fjoer út. De brânwacht hat it hûs dêrnei kontrolearre en fentilearre. Troch it rappe optreden fan de buorfrou bleau de skea beheind.

Trefwurden: 
Drachten brân buorfrou
(advertinsje)
(advertinsje)