Plysje siket slachtoffer fan berôving yn Drachten

27 jan 2020 - 22:20

De plysje speurt gewoanwei nei fertochten of tsjûgen fan in misdied, mar dit kear wurdt socht nei in slachtoffer. De plysje fan Drachten is nammentlik op syk nei in frou dy't moandeitemiddei berôve waard by in supermerk op De Marke.

Foto: Plysje

Neffens de plysje giet it om in negroïde frou fan ûngefear 55 jier, mei lang swart hier mei krollen en in reade jas. Se waard bestellen fan har tas dy't yn in winkelweintsje stie. De frou begûn fuortendaliks te razen, wêrop't de fertochten har de tas weromjoegen.

Tsjûgen bellen yntusken de plysje en giene achter de fertochten oan. Plysjes dy't yn de buert wiene, koene de fertochten oanhâlde en meinimme nei it buro.

Fan it slachtoffer ûntbrekt lykwols elk spoar en dêrom freget de plysje har om kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Drachten berôving
(advertinsje)
(advertinsje)