IFKS-skûtsje foar Ychtenbrêge, Ychten en Dolsterhuzen: De Goede Verwachting

27 jan 2020 - 21:55

It doarp Ychtenbrêge krijt in skûtsje yn de IFKS. De inisjatyfnimmers fan stichting 'De Trije Doarpen' hawwe it skûtsje De Goede Verwachting foar it doarp binnenhelle en sizze dêrfoar tank oan skipper Walter de Vries.

Skûtsje De Goede Verwachting - Foto: Stichting Skûtsje De Trije Doarpen

Yn juny 2019 binne Enne de Vries, Jildert Holtrop, Jouke Annema en Michiel Bakker úteinset om wer in skûtsje nei it doarp oan De Tsjûkemar te heljen. Yn Ychtenbrêge binne yn it ferline skûtsjes boud by Scheepswerf Bos en op de mar sels wurdt ek fearn binnen de IFKS. It doarp hat skûtsjehistoarje en fertsjinnet dêrom in eigen skûtsje, sa fine de manlju. Dat is mei De Goede Verwachting no slagge.

(advertinsje)
(advertinsje)