Gemeente Amelân moat fierder sûnder kolleezje: twa wethâlders stappe op

Beide wethâlders fan gemeente Amelân hawwe moandeitejûn harren ûntslach yntsjinne. De riedsgearkomste, dêr't in moasje fan wantrouwen tsjin wethâlder Ellen Bruins Slot fan de PvdA behannele wurde soe, wie noch mar krekt begûn doe't wethâlder Theo Faber fan AmelandEén bekend makke op te stappen. Net folle letter lei ek Bruins Slot har funksje del.
Ellen Bruins Slot en Theo Faber © Jeanet de Jong
De opposysje trune al langer oan op it opstappen fan de PvdA-wethâlder, nei't begjin jannewaris riedslid Irma Marinus fan deselde partij it fertrouwen yn har efterban opsei en út de koälysje stapte, mar wol har sit yn de ried behold. Dêrmei ferlear de koälysje syn mearderheid yn de ried.

'Tegenwerken om het tegenwerken'

Faber stapt op om't er neffens him net mear genôch stipe foar him is as wethâlder. "Er is al langere tijd een belangenspel gaande dat 'tegenwerkt om het tegenwerken'. Het belang van Ameland staat daarbij niet voorop", seit de wethâlder fan AmelandEén.
Riedslid Han van Heerde fan de opposysjepartij Ameland '82 seit bliid te wêzen dat der no in nije koälysje komme kin. Beide wethâlders bliuwe noch tritich dagen oan, om rinnende saken ôf te meitsjen.

"Voor iedereen een verrassing"

Neffens sjoernalist Jeanet de Jong fan It Amelân kaam it opstappen fan Theo Faber as in folsleine ferrassing foar de ried. "Het opstappen van Bruins Slot lag in de verwachting, maar dat Theo Faber aan het begin van de vergadering het woord vroeg, was voor iedereen een verrassing."
De riedsgearkomste wie de earste fan de nije boargemaster Leo Pieter Stoel. Hy waard op 16 jannewaris ynstallearre.
Sjoernalist Jeanet de Jong fan It Amelân