FNP's wolle grut fiskevenemint binnen angelje foar noardeasten provinsje

27 jan 2020 - 21:11

De FNP-fraksjes fan Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân wolle harren ynsette om in ynternasjonaal fiskerij-evenemint nei it noardeasten fan de provinsje te heljen. De ôfdielingen tinke oan in Europeesk- of wrâldkampioenskip.

In snoek - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De fraksjes wolle ûndersykje oft it helber is. Neffens harren hat de regio Noardeast-Fryslân ideale fearten mei swiet wetter en in poerbêste fiskstân. In grut fiskevenemint kin in soad leafhawwers nei de streek ta lûke, tinke de FNP-fraksjes.

"In geweldige kâns om de rekreaasje en toerisme-sektor in slinger te jaan. De minsken komme net allinnich te fiskjen mar moatte ek drinke, ite, sliepe en komme faaks nochris werom," jout fraksjefoarsitter Bert Koonstra fan FNP Noardeast-Fryslân oan.

(advertinsje)
(advertinsje)