Is in multyfunksjoneel sintrum helber yn Twizelerheide?

Twizelerheide ûndersiket oft it mooglik is om allerhanne foarsjenningen yn it doarp ûnder ien dak te bringen. It giet net allinne om de beide basisskoallen, It Twaspan en De Reinbôge. Ofrûne jier waard al bekend dat dizze skoallen tegearre in nij plak krije. Mar dêr kinne mooglik mear fasiliteiten by.
Doarpshûs De Jister yn Twizelerheide © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yn in multyfunksjoneel sintrum soe ek pjutteboartersplak It Boartershûske komme kinne, waard al sein. Dat sit hjoed-de-dei yn doarpshûs De Jister. Mar ek oare foarsjenningen en fasiliteiten wurde no ûndersocht: it doarpshûs, de gymseal, de berne-opfang, fuotbalferiening VVT en de iisbaan. Wêr't it krekt komme moat, is noch net bekend.