Benefytaksje Harmen en Sytze Brouwer bringt goed 30.000 euro op foar Australië

28 jan 2020 - 06:45

De bruorren Harmen en Sytze Brouwer hawwe hast 50.000 Australyske dollar (goed 30.000 euro) ophelle mei harren benefytaksje foar Australië. Dat ha se moandei bekend makke fia harren Facebook-pagina Fryslân for Australia.

Foto: Omrop Fryslân

De aksje waard it ôfrûne wykein hâlden op It Hearrenfean mei in ferlotting, in feiling en in benefytkonsert. Ferneamde sporters as Sven Kramer, Jesper Hospes en Jutta Leerdam wurken mei oan de aksje en der wiene optredens fan ûnder oare Vangrail, Alice Springs en Murk.

Wiis mei de opbringst

Neffens de bruorren Brouwer, bekend fan it skûtsjesilen, streamt it jild noch altyd binnen en se binne tige wiis mei de opbringst. "We hiene noait tinke kinnen dat it sa'n sukses wurde soe. Allegear hartstikke bedankt."

Sytze Brouwer hat yn it ferline in jier yn Australië wenne. "Ik haw der trettjin jier lyn in jier west", fertelt hy.

"Myn broer hat ek noch in pear wiken west. Wy hawwe in soad freonen makke, benammen yn de omjouwing dêr't dy boskbrannen wiene. Minsken wenje dêr yn tintsjes, sûnder dat se noch wat hawwe. En de bisten fansels dy't opjage wurde. Dus wy moasten wat dwaan."

Opbringst foar frijwilligers

De opbringst giet nei twa frijwilligersorganisaasjes yn Australië dy't harren ynsette foar de troch brannen troffen bisten en minsken yn it lân: Wires en it Gippsland Emergency Relief Fund. Sytze en Harmen Brouwer sille besykje it jild dêr persoanlik te krijen.

Sytze Brouwer

(advertinsje)
(advertinsje)