Caravan stellen by wenweinterrein Snits: "Zelfs de urn van oma is weg"

27 jan 2020 - 18:54

De caravan fan Romana van der Land is yn de nacht fan freed op sneon stellen út Snits. Sy reizget by merken del mei har snobbersguod-kream. Har caravan stie op it parkearterrein njonken in wenweinterrein en it is foar Van der Land net samar in fehikel, mar it is har hûs. Dêrom is sy troch de stellerij alles kwyt.

Romana van der Land is allinnichsteand en wennet tegearre mei har soantsje fan trije jier âld. Sy wenne krekt in pear moanne permanint yn de caravan, mar sy slepte dit wykein by har âlden op it wenweinterrein, net fier fan it it Zuidersportpark. En doe die ynienen bliken dat de caravan fuort wie.

"Voor mij is het mijn huis"

Romana: "Voor mij is het mijn huis. Al mijn bezittingen zaten er ook in. De urn van mijn oma, alles van mijn zoontje zoals zijn foto's. Al onze kleding. Echt álles. Ik ben in principe ridder te voet nu. Ik heb niks. Dat is heel erg schrikken. Ik heb meteen de politie gebeld en we zijn ook meteen gaan kijken naar camerabeelden. Tot dusver is er nog niets uit gekomen."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Camerabylden hawwe noch net holpen. "Er zijn beelden gemaakt dat ze van het terrein af rijden. Dus we weten het tijdstip en we zien duidelijk de caravan met een donkerkleurige auto. Maar meer eigenlijk niet. Wat moet iemand met mijn caravan? Het is een aparte caravan, misschien is het geld waard. Ze kunnen hem ombouwen, het zou kunnen dat ze dat van plan zijn," seit Van der Land.

Romana op it plak dêr’t de caravan stie - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"Er was nog nooit iets weggenomen"

Sy wol graach it guod werom dat yn de caravan siet. "Al zou men alleen een grote doos terugzetten met alleen de spullen, dan zou ik al heel gelukkig zijn. Natuurlijk het liefst alle spullen, maar de spullen hebben wel de prioriteit. Wij wonen hier eigenlijk al tien jaar. We gebruiken dit terrein al lang voor onze kermisspullen. Er was nog nooit iets weggenomen. Mijn caravan stond op slot. De caravan van mijn ouders niet, maar die hebben ze laten gaan. Dus het ging specifiek om deze caravan." Van der Land fregen eltsenien om te sjen nei de caravan, fan it merk Tabbert.

Romana van der Land oer har caravan

De caravan - Foto: Romana van der Land
Trefwurden: 
Snits dieverij caravan
(advertinsje)
(advertinsje)