Sjongster Elske DeWall sjocht werom op Dancing on Ice

It wie in striid, mar sy hat it der goed fan ôfbrocht. Sjongster Elske DeWall is as tredde einige yn it telefyzjeprogramma Dancing on Ice. Moannen wie se yn training om it riden op de keunstiisredens yn 'e macht te krijen. Mei partner Marc-Olivier helle sy de finale, mar sy moast wol as twadde de finale wer ferlitte. Sy einige op it tredde plak en DeWall sjocht der tefreden op werom.
Elske DeWall by Dancing on Ice © Elske DeWall
Elske DeWall: "Ik bin oan it neigenietsjen. It is sa'n achtbaan dêr't je yn komme. It is lichaamlik it swierste wat ik oait dien haw. Miskien ek wol mentaal. It leit sa fier by my wei. Ik bin sjongster en ik beweech wol, mar om sa op folwoeksen leeftiid wat nijs oan te learen. Ik tocht ik kin wol ride, ik haw wol gefoel foar ritme. Mar op it iis docht bliken dat it altyd oars is."

Traine, traine, traine

It wie benammen traine, traine, traine. "Wy binne healwei oktober úteinset mei trainen, oant no. Dus dat is hast fjouwer moanne. De earste show wie yn desimber. Mar benammen yn de twadde moanne murk ik dat myn lichem wol op wie. Sân dagen yn de wike en seis oeren op in dei traine, dat hakt der wol yn."
It is ek wol wer goed dat it ôfrûn is, seit de sjongster. "Ik kaam tichter by de finale, dus dêr wurke ik ek hieltyd mear nei ta. Mar it is sa spannend. Ik stie mei 'knikkende knieën' dêr, en je hawwe dy skonken wol nedich. Je binne alle dagen dwaande. Myn lêste frije dei wie op 1 jannewaris. Dus it is no ek wol wer goed dat is ôfrûn is."

"Je kinne mear as dat je tinke"

Dochs hat sy der wol wat oan hân. "Ik tink dat ik wol dingen oer mysels leard haw. Ik tocht earst: ik kin dit net. Dit is fysyk ûnmooglik. En lang om let kinne je dochs wat delsette. Dus je kinne wol mear as dat je tinke. As je der mar genôch tiid yn stekke. Ik kaam sels yn de finale, dus dat is super. It is sa lang lyn dat ik wat dien haw dat ik eins net behearskje. Ik fielde my suver wer 16 doe't ik foar it earst op it poadium moast."
Sjongster Elske DeWall