Ek yn Fryslân omtinken foar ynternasjonale Holocaust-betinking

27 jan 2020 - 18:56

It is 75 jier lyn dat konsintraasje- en ferneatigingskamp Auschwitz befrijd is. Oer de hiele wrâld wurdt dêr by stil stien, ek yn Fryslân. Sa binne der moandei betinkingen yn Gytsjerk en yn Ljouwert.

Ljouwert: 55 Joadske minsken kamen werom

Boargemaster Sybrand Buma joech op de betinking yn Ljouwert by de Blokhûspoarte in taspraak. "Ook uit Leeuwaren zijn Joden weggevoerd en vergast in Auschwitz en andere kampen. Vóór de oorlog was er een gemeenschap van honderden, maar er zijn er maar 55 teruggekomen," seit Buma.

Dêrom is it betinken wichtich. "Wat mij betreft gaan we hier altijd mee door. Want Auschwitz heeft Europa bepaald en het vreselijke leed dat daar geleden is mag zich niet herhalen. Alleen door herinneren en te herdenken kunnen we beseffen hoe erg het was."

Boargemaster Sybrand Buma oer de betinking yn Ljouwert

Buma sjocht wol dat it betinken fan de Holocaust feroaret. "Ik ben natuurlijk geboren in 1965 en opgegroeid met ouders die de oorlogstijd beide hebben meegemaakt. Ik denk dat mijn hele generatie het van de verhalen van hun ouders had. Nu moet je het hebben van andere verhalen, minder verhalen van overlevenden. Ik ben groot geworden met de verhalen, de generaties van nu veel minder."

Dêrom sjocht Buma it as in ferplichting om de ferhalen te fertellen. "Dit jaar zal er weer een nieuw monument worden geplaatst bij de oude Joodse school met de namen van de Leeuwarders die als Joodse burgers zijn afgevoerd. Ook om te laten zien dat die namen niet uit ons geheugen mogen verdwijnen. Het moet in je systeem zitten dat de vrijheid die we nu kennen niet vanzelfsprekend is en dat deze ooit bevochten is. Na de oorlog werd gezegd: nooit meer Auschwitz. Dat is een kreet die we moeten vasthouden."

Gytsjerk: it ferhaal fan smidsfeint Franz Wagner

Ferslachjouwer Geert van Tuinen fertelt moandei op de betinking fan 75 jier frijheid yn Gytsjerk it ferhaal fan Franz Wagner. De betinking is by it holocaustmonumint by de Rinia van Nautawei en de Trynwâldsterdyk.

Franz Wagner (1920-1942) wie in Joadske flechtling, dy't út Breslau kaam. Dat leit hjoed-de-dei yn Poalen, mar it lei doe yn Dútslân. Wagner kaam yn 1939 nei Fryslân. "Hy koe by de smid Klaas Olijnsma yn Gytsjerk it smidsfak leare. Dat wie de pake fan myn fou. Franz Wagner waard nei Gytsjerk stjoerd troch in Cohen fan Ljouwert, dy't izerhanneler wie en dy't 'Klaas smid' wol koe."

Van Tuinen jout oan dat der yn Gytsjerk hielendal net in Joadske mienskip wie. "It ferhaal giet sels dat Franz it iennige holocaust-slachtoffer fan de Trynwâlden is. Dochs wiene der wol in soad Joaske ûnderdûkers." Yn maaie 1942 moasten Joadske minsken in Joadestjer op de klean sjen litte. "Dat moast der fan Franz perfoarst op naaid wurde. Dat woe hy sels, hy wie der grutsk op. It foarseach him fan in identiteit."

Op 'en doer kaam de plysje by Olijnsma en Wagner oan de doar. "Wy moatte dy oppakke, seinen sy. Ik soe ûnderdûke as ik dy wie. De plysjemannen warskôgen him. Mar Franz sei: dat doch ik net. Ik rin der net foar wei. Op in dei moast de plysje Franz echt helje. Sels doe hawwe sy noch tsjin him oanpraat, mar hy woe net flechtsje." Wagner waard meinommen en is op 30 septimber 1942 fermoarde yn Auschwitz.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen oer it ferhaal fan Franz Wagner en syn 'skoanpake'

Ien fan de 'Levenslicht'-Holocaustmonuminten - Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)