Hans Achterbosch mijt Sina om coronafirus: "Pas als er een antivirus is"

27 jan 2020 - 17:28

De Ljouwerter arsjitekt Hans Achterbosch giet net werom nei Sina as der gjin anty-firus is. Hy wie trije wike lyn noch yn it lân en hat dêr ek in fêstiging op in pear oeren ôfstân fan de stêd Wuhan dy't op slot sit fanwege it coronafirus.

Foto: ANP

De Sineeske oerheid hat yngripende maatregels nommen om fierdere fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. It firus jout ynfeksjes oan luchtwegen en longen. Al tsientallen minsken binne as gefolch fan it firus ferstoarn.

Achterbosch hat fia de app kontakt mei syn Sineeske kompanjon. "Het gaat goed, ze zijn gezond. Ze blijven binnen en werken thuis. Ook iedereen waar ons bedrijf zaken meedoet, werkt thuis", fertelt Achterbosch.

Oft it gefolgen foar syn bedriuw hat, kin er no noch net goed sizze. Der leit wol in projekt foar wenningbou stil, fanwege it Sineeske nijjier, mar dy fakânsje wurdt wierskynlik ferlinge fanwege besmettingsgefaar.

Achterbosch soe 8 febrewaris wer rjochting Sina, mar hy sjocht it dei foar dei oan. "Als er een antivirus komt, dan ga ik erheen. Als dat niet zo is, loop ik de kans dat ik ergens strand of in quarantaine wordt geplaatst. Dat kan een paar dagen duren of misschien wel weken."

Ek al hat er lêsten yn Sina west, hy slút út dat er it firus hat. "Het is uitgesloten dat ik het virus onder de leden heb."

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)