Tûzenen euro's skea by Drachtster autobedriuw troch dieverij felgen

27 jan 2020 - 17:08

Dieverij hat foar tûzenen euro's skea soarge by in autobedriuw oan de Jade yn Drachten. By it bedriuw waarden moandeitenacht fan fiif auto's de felgen mei bannen stellen.

Foto: ANP

Neffens de plysje leit de skea tusken de 12.500 en 15.000 euro.

Minsken dy't tsjûge west ha fan de stellerij of mooglik kamerabylden derfan ha, wurde fersocht kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)