Alvestêdetocht op de Weissensee is 'Wedstriid fan de Wike'

29 jan 2020 - 06:00

It slotstik fan de wedstriidrige op de Weissensee yn Eastenryk komt tichterby. De wedstriidlieders hawwe it bêste foar it lêtst bewarre, want woansdei einiget it mei de Alternative Alvestêdetocht. Dat is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

200 kilometer lang ride oer natueriis. Yn Fryslân hawwe we it al in skoft net dwaan kinnen, mar it bart alle jierren wol yn Eastenryk. De maratontoppers sille woansdei op jacht nei de oerwinning yn de Alternative Alvestêdetocht. "En 200 kilometer, dat is wol wat oars as wat de maratonriders gewoanwei ride. Dat hat wol ynfloed op de koers", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.

Favoriten

Fryske favoriten binne der fansels ek. "De grutte fraach is wa't op dit stuit Manon Kamminga tsjinhâlde kin. Se wûn alle trije wedstriden op de Weissensee oant no ta en dêrmei is sy ek de topfavoryt foar de Alternative Alvestêdetocht. By de manlju binne der meardere kânshawwers, wêrûnder Jouke Hoogeveen."

Piet Paulusma oer it aktuele waar op de Weissensee

De Alternative Alvestêdetocht is woansdei te folgjen op de radio. Letter is der yn Fryslân Hjoed, op ynternet en yn de app in gearfetting te sjen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)