Sportcast: "Henk de Jong nimt Doke Schmidt yn beskerming"

27 jan 2020 - 16:36

De lêste wiken is in soad sein oer de ferdigening fan SC Cambuur. Doke Schmidt makke in oantal flaters en waard freed sels nei de bank ferwiisd troch trainer Henk de Jong. It is ien fan de ûnderwerpen dêr't ús ferslachjouwers it yn de Sportcast oer hawwe. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Jantine Weidenaar oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, shorttrack en reedriden.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen wit te melden dat Doke Schmidt freed tsjin NEC 'gewoan' wer yn de basis stiet by Cambuur. "Dêr ha ik it mei Henk de Jong oer hân. Henk sei: 'Stel dat it freed misgien wie mei Doke, hie ik him it hiele seizoen kwyt west, want hy wie fan it fjild ôfblaasd troch it publyk." Hy hat him yn beskerming naam en dêr falt wol wat foar te sizzen." In wike earder waard Schmidt al nei in healoere wiksele tsjin TOP Oss, om't er in flater makke mei in tsjingoal as gefolch.

Calvin Mac-Intosch stie tsjin Jong FC Utrecht rjochterferdigener, mar ferslachjouwer Andor Faber seach dat Mac-Intosch it dreech hie: "Dy waard gigantysk ôftroeve op snelheid troch dy Eros Maddy fan Jong FC Utrecht." Van Tuinen: "Hy hat him foarby flitsen heard, mar him net sjoen."

SC Hearrenfean

Yn de earedifyzje is SC Hearrenfean yn 2020 noch puntleas. Sneon giene de Feansters mei 2-1 ûnderút tsjin AZ. Wat opfoel wie in flater fan Sven Botman, dy't in tsjingoal ynlate. Ferslachjouwer Arjen de Boer: "Hy wie sa solide de earste seizoenshelte, mar no hieltyd faker hat er wat slipperkes. Mar, ik moat wol earlik sizze dat AZ nei Ajax de meast dominante ploech is yn de earedifyzje."

Van Tuinen seach dat de ploech fan Johnny Jansen de nederlaach foar in part oan himsels wite kin. "Hearrenfean makke it himsels dreech. Je moatte fanôf momint ien gas jaan en dat fergeat Hearrenfean. Se rûnen hast slaafsk efter AZ oan."

Wêr't Hearrenfean yn de earste seizoenshelte bekend stie om it lege tal tsjindoelpunten, giet it nei de winterstop in stik hurder. Dêr hat De Boer wol in ferklearring foar: "Dat komt om't se mear nei foar fuotbalje en druk sette op de tsjinstanner. Se wolle it balbesit better foarinoar krije. Dat slagget net en as je dan balferlies hawwe, leit der in soad romte efter de ferdigening. Dan geane je de 'bietenbrug' op, hielendal tsjin in ploech as AZ."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)