Beswier tsjin gaswinplannen Blesdike

27 jan 2020 - 16:14

Boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf ha beswier makke tsjin de plannen foar gaswinning yn Blesdike. Vermilion wint dêr al gas en wol dat trochsette, mar dêr is in nije fergunning foar nedich. En der binne plannen foar it oanboarjen fan in nij gasfjild.

Foto: Omrop Fryslân

Weststellingwerf is tsjin gaswinning, om't it net past by de plannen om gaswinning yn Nederlân krekt ôf te bouwen. En der binne ek soargen oer mooglike skea.

Mocht de gasboarring wol trochgean, dan moat Vermilion derfoar soargje dat der net tefolle leven makke wurdt, sa't dat op oare plakken wol bard is, sizze boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf.

(advertinsje)
(advertinsje)