SamenLoop voor Hoop yn Snits wurdt jier útsteld

De benefyt-rintocht SamenLoop voor Hoop yn Snits dy't pland stie yn septimber, giet net troch. Der binne kommende simmer meardere eveneminten dy't itselde goede doel ha: jild ynsammele foar ûndersyk nei kanker.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Op De Jouwer is ek in SamenLoop voor Hoop pland, Stefan van der Pal wol de Alvestêdetocht swimme om jild op te heljen foar kankerûndersyk en Maarten van der Weijden lit BN-ers itselde dwaan.
De organisaasje fan SamenLoop voor Hoop Snits-Súdwest-Fryslân wol de Loop dêrom in jier útstelle. Der is noch gjin nije datum.