Weststellingwerf hat ûndersocht oft der wetterliedingen fan lead binne

It kolleezje fan Weststellingwerf hat oanjûn dat der gjin wetterliedingen fan lead yn de iepenbiere romten yn de gemeente oanwêzich binne. It kolleezje is yn petear mei Vitens om't de GrienLinks-fraksje fragen stelde oer de risiko's foar de folkssûnens. Neffens wethâlder Hanneke Zonderland binne der foar safier bekend net liedingen fan lead yn iepenbiere gebouwen.
Wetterlieding © Pixabay
Koartlyn makke de Gezondheidsraad bekend dat der noch hieltyd minsken binne dy't oan te folle lead bleatsteld wurde om't der noch liedingen fan lead brûkt wurde. It is al sûnt 1960 ferbean om sokke liedingen oan te lizzen, mar der wurdt skat dat yn Nederlân noch sa'n 100.000 oant 200.000 wenten mei wetterliedingen fan lead binne.

Hoe sit it by skoallen?

GrienLinks Weststellingwerf wol dat it kolleezje ûndersykje lit oft der liedingen fan lead binne op plakken dêr't in soad bern gearkomme, lykas skoallen en berne-opfangen. Ek soe der nei GGD Fryslân sjoen wurde moatte om ynwenners te ynformearjen.
Wethâlder Zonderland sei moandei dat der by iepenbiere skoallen gjin liedingen fan lead binne, mar sy wit net oft dat ek foar bysûndere skoallen jildt.