Waadhoeke wol doarpen en wiken stypje om leefberens te ferbetterjen

27 jan 2020 - 18:14

De gemeente Waadhoeke siket doarpen of wiken dy't sels de leefberens ferbetterje wolle. De gemeente wol de doarpen en wiken helpe, mar op in oare manier as normaal. Der wurdt minder nei de regels sjoen en mear nei de fraach fan de minsken. Waadhoeke wol der yn de maitiid mei eksperimintearje. Utgongspunt is wol dat de minsken sels de karre lûke en dat de gemeente stipet.

It gemeentehûs fan Waadhoeke - Foto: Google Street View

Neffens de gemeente rint it projekt útien fan bygelyks it opsetten fan in eigen soarchkoöperaasje oant in simpel boartersguodkastke om boartersguod te ruiljen. De gemeente hat dêrby in stypjende rol. Partijen yn doarpen en wiken dy't in grut of lyts sosjaal fraachstik hawwe, kinne nei de projektlieder 'Sociale Inclusie Agenda' fan de gemeente gean.

Yn 2021 fjouwer doarpen helpe

Projektlieder Nynke Dölle: "It projekt is tige breed, it kin gean om yndividuele fragen om help, mar ek om kollektive fragen fan bygelyks in buert. Wy hawwe as gemeente net altyd sicht op goeie ideeën fan ynwenners. It is yn de praktyk dreech om ticht by de ynwenners te helpen."

"Wy hawwe in oprop dien, dat is de earste stap," seit Dölle. "Dêrnei sille wy yn petear. It is echt in eksperimint, dus in hurd plan leit der net. Mear in rjochting. Mar it is wol de bedoeling dat wy takom jier yn elts gefal fjouwer doarpen helpe. En fansels leare fan de ûnderfining."

Yn in oare gemeente is eigen húshâldlike help organisearre yn in koöperaasje, mar it kin ek wêze dat der in ynwenner mei in min gebit dêrtroch gjin wurk krije kin, jout Dölle oan. "Dan soene wy sjen kinne oft wy dy drompel fuorthelje kinne."

Projektlieder Nynke Dölle

Trefwurden: 
gemeente Waadhoeke leefberens
(advertinsje)
(advertinsje)