Fjouwer Friezen ride alternative Alvestêdetocht foar goed doel

Fjouwer Fryske jongemannen wolle dit jier mar leafst fiif Alvestêdetochten dwaan, foar it Foppe Fonds. Se binne eins hielendal net sokke sporters, en ek net hiel bot traind. Se sille tiisdei de alternative Alvestêdetocht ride op de Weissensee yn Eastenryk.
© Âld Haven4-Foppe Fonds
Sander Spijksma (19), Reinder van Abbema (21), Sijmon van Abbema (22) út Skettens en Jelko Buma (23) út Wytmarsum betochten it idee in jier lyn yn de keet d'Ald Haven yn Skettens. Dêr kenne se elkoar fan en treffe se elkoar.
De jonges binne moandei oankaam. Se ha al op it iis fan de Weissensee stien. "We ha fan 'e moarn riden om wat te trainen. We ha tritich kilometer dien. It moat net te sportyf wurde en we moatte fansels ús krêften wat sparje. We ha noch in hiele útdaging foar de boech. It riden gong hearlik, we ha de smaak wol te pakken", fertelt Sander Spijksma.
Se ha yn de tarieding noch net fierder riden as 75 kilometer, mar de tocht op de Weissensee is 200 kilometer. "Ja, dat is in ferskriklik ein. We moatte krekt sa lang ride as dat we yn de auto sitten ha om hjir te kommen."

Trochsettingsfermogen

Ek al ha se net bot traind, hy ferwachtet wol dat se it helje sille. "Oars hienen we hjir net west. We moatte it ha fan ús trochsettingsfermogen. De lêste tritich kilometer sille dreech wurde. Hooplik binne we op tiid, dat wurdt miskien noch wol ús grutste útdaging." De jonges starte om 7 oere moarns en se ha tolve oeren de tiid om de tocht te folbringen.
Mei de aksje wolle se jild ophelje foar it Foppe Fûns. "We binne befoarrjochte dat we sporte kinne, mar net elk bern kin sporte. We wolle helpe sadat se mei help wol sporte kinne. We wolle safolle mooglik bern yn beweging krije." De mannen hoopje fia sponsoring 10.000 euro byelkoar te krijen. De teller stiet no op 675 euro.

Tattoo

"As we it net helje, ha we ôfpraat dat we in tattoo sette litte fan in stimpel of in krúske mei de tekst dat it net slagge is. Meist sels witte wêr'tst him sette litst."
Noch op de planning steane de Alvestêdekuiertocht, de tocht op de fyts, de step en se wolle noch sile.
Sander Spijksma
Yn De middei fan Fryslân fan woansdei hearre we fansels oft en hoe't de jonges it oprêden hawwe.