Topkok Jan Smink docht mei oan wedstriid yn Parys
Topkok Jan Smink fan Wolvegea docht tiisdei mei oan in belangrike ynternasjonale itensiederswedstriid yn Parys: Le Taittinger Prix Culinaire International.
Smink nimt it op tsjin sân ynternasjonale topsjefs. Se stride om in haadpriis fan 20.000 euro. Jan Smink hat wol faker meidien oan in ynternasjonale itensiederswedstriid, de Bocuse D'Or.