Wike fan de Brexit: "It is it swurd fan Damocles"

De Brexit giet freed 31 jannewaris (middernacht) lang om let fan start. Dat bringt in soad gefolgen mei him mei. Dizze wike sjogge we mei ferskate bedriuwen en Friezen om utens foarút nei dy stap. Hoe is it foar Annette Plantinga dy't in Skotske kiltmakkerij yn Ljouwert hat?
Wike fan de Brexit: "It is it swurd fan Damocles"
Freed 31 jannewaris is seker gjin feestdei, fynt Annette Plantinga fan de kiltmakkerij Carrynette yn Ljouwert. Alle materialen dy't sy brûkt by it meitsjen fan sertifisearre kilts komt út Skotlân. "Ik bin der wat minder bliid mei. It soarget foar ûnwisse tiden foar de merk. It jout in soad ûndúdlikheid en dy teneur fielst ek op de beurzen yn Skotlân, dêr't wy koartlyn west hawwe. Minsken lûke har it hier út de holle mei de fraach: wat moatte wy no?"
Wat de gefolgen krekt wurde sille, is noch altyd ôfwachtsjen. Plantinga: "Wy moatte rekken hâlde mei hegere ynfierrjochten. Dat kin wol oprinne oant 17 prosint ekstra op de priis." Mar it kin ek ekstra klandyzje opsmite, hopet Annette.
© Eigen foto
Swurd fan Damocles
Op de geroften dat de Skotten ûnôfhinklik wurde wolle en har wer oanslute wolle by de EU, reageart Plantinga posityf. "Dat soe moai wêze. Dan kinne wy streekrjocht ôfreizgje nei Skotlân. Dat is wol sa praktysk." Oant dy tiid is it ôfwachtsjen. Plantinga: "It is it swurd fan Damocles, better kin ik it net sizze." Sybren Vis, de kompanjon fan Plantinga hopet dat de kommende moannen 'it sûne ferstân' trochbrekt yn Londen en dat it Feriene Keninkryk en de Europeeske Uny goeie ôfspraken meitsje oer de útfier en ynfier fan produkten. Mar yn 'e achterholle hâldt er ek al rekken mei in 'hurde Brexit' sûnder goeie ôfspraken.
De konsekwinsjes dêrfan begjinne sa njonkenlytsen dúdlik te wurden. "Wy sille dan in agint ynhiere moatte foar de ynfier fan produkten. Dat kostet jild. Oan elts produkt moatte je dan de goeie koade hingje. En ús produkten sille djoerder wurde troch de ynfierrjochten dy't we betelje moatte. De grutte fraach is dan fansels: hat de klant dat der noch foaroer? Om't Carrynette in nichemerk betsjinnet en net in soad konkurrinsje hat makket er him noch mar net al te grutte soargen, mar de Brexit op freed is foar him grif gjin feestdei.
Sertifisearre Skotse kilts, makke yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Annette Plantinga en Sybren Vis fan Carrynette