Omkeard aksjefiere yn Bitgummole: basisskoalle set krekt doarren iepen

Kristlike basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole docht tongersdei en freed net mei oan de lanlike ûnderwiisstaking. Se sille lykwols wol aksje fiere. Mar yn stee fan de skoalle te sluten, goaie se de doarren just iepen om elkenien sjen te litten hoe leuk oft it berop fan in learkrêft is.
Omkeard aksjefiere yn Bitgummole: basisskoalle set krekt doarren iepen
Neffens direkteur Tim Zasburg snijt it entûsjasme foar it berop fan learkrêften de ôfrûne moannen bot ûnder troch it konstante aksjefieren foar mear jild en in legere wurkdruk. Dêrtroch liket der neffens him altyd gedoch te wêzen yn de ûnderwiiswrâld. Dat soe minsken tsjinhâlde kinne om foar it fak te kiezen.
"Daarom zetten we juist de deur open, iedereen is welkom om te komen kijken", fertelt direkteur Tim Zasburg. "We kunnen meer handjes in de klas gebruiken en willen zo op een laagdrempelige manier laten zien hoe mooi en dankbaar ons beroep is. Bij de actie gaat het steeds over geld, maar daar draait het niet alleen om, we willen de werkdruk verlichten. Nu kunnen ouders en anderen kijken en helpen."
Neffens de ûnderwiis-assistinte is it moai om op in skoalle te wurkjen. "It is leuk om bern wat te learen en krijst in soad werom. We ha in soad soarchbern op skoalle en kinne wol help brûke."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie op de skoalle yn Bitgummole
De lessen by Mooitaki geane tongersdei dus gewoan troch. Op freed gean de bern troch it doarp mei in lawaaioptocht.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga