It nije alvetal fan Flylân, sil it se slagje om ris te skoaren?

27 jan 2020 - 12:31

VSV '31, it fuotbalteam fan Flylân, stiet stiif ûnderoan. Nei jierren gjin earste alvetal te hawwen, dogge se dit seizoen wer mei. Se hawwe 91 doelpunten tsjin krigen en sels noch net ien kear skoard. De nije trainer Kerst Heida moat dêr foaring yn bringe.

Heida is al 44 jier fuotbaltrainer, wennet yn Harns en is treinmasinist. Foarhinne hat er twa jier trainer west fan De Wâlde en dêrfoar wie er assistint-trainer by de Zeerobben út Harns. Op Facebook seach er foarbykommen dat VSV '31 op Flylân in trainer socht. En dat like him wol wat.

Ofrûne wykein wie it syn debút as trainer by VSV. Op it programma stie VV Lemmer, dy't op dit stuit tredde stean yn de kompetysje. Dat makket Heida neat út. "Daar kieke we helemaal niet naar. Ik kijk alleen naar onszelf. En de jongens moeten plezier hebben hé. Daar gaat het eerst om."

Voetbal is meer dan winnen alleen.

Kerst Heida - nije trainer

Dat it in folslein nij team is dêr't gjin inkele spiler oait mei-inoar spile hat, fynt Heida just in útdaging. "Ik kreeg appjes en berichten van collega's met de vraag wat ik daar moest omdat VSV alleen maar verliest. Maar bij mij gaat het om ontwikkeling. Voetbal is meer dan winnen alleen. Ik vind het wel een grappige uitdaging. Iets van nul naar iets brengen."

Hoe ferrint de wedstriid?

De wedstriid tsjin VV Lemmer fan snein is in dregenien. Yn de twadde minút skoart Lemmer al. En yn de 6de minút krije de Lemsters in penalty. Flylân krijt yn de earste helte in lytse kâns. Mar nei 45 minuten stiet op it skoareboerd: 0-6.

Yn it skoft seit Heida yn de klaaikeamer tsjin syn spilers dat se te leaf binne en wat mear gas jaan moatte. It helpt in bytsje. VSV kriget ien goede kâns yn de 16 meter, mar de bal giet in pear meter oer it doel hinne. VV Lemmer skoart noch twa kear. Nei 90 minuten op de klok ferliest VSV '31 mei 0-8.

Dit seizoen hawwe se dus 99 doelpunten tsjin krigen, en noch hieltyd sels net skoard.

Dochs posityf

Nei ôfrin fan de wedstriid is Heida dochs posityf. "We hebben de tweede helft meer laten zien, het Lemmer echt moeilijker gemaakt dan de eerste helft. Of het moet zo zijn dat ze al met hun hoofd op de boot zitten."

Heida sil takom wiken benammen trainen op it better ferdigenjen yn it eigen strafskopgebiet. Sa hopet er op minder tsjingoals en mear romte om sels oan te fallen. En hooplik komt dit seizoen dan oait it earste doelpunt, want dat is wol de doelstelling dy't Kerst Heida meikrigen hat.

Foto: Omrop Fryslân

Elke week worden we weer een stukje gebrander om dat doelpunt te maken.

Bertwin Bergman - spits

Fan supermerkbaas oant boskwachter

It nije earste fan Flylân hat in ferskaat oan spilers. De ien wurket by de fytsferhier, de oar is supermerkeigener en de oar wurket yn de hoareka.

Bertwin Bergman is boskwachter op Flylân en sûnt dit seizoen dus ek spits van VSV '31. Hy hat noch gjin doelpunt makke. Dat it him dit kear ek net slagge, fynt er spitich. Mar hy bliuwt posityf. "We gaan ervoor. Dat zeggen we elke week, maar elke week worden we weer een stukje gebrander om dat doelpunt te maken. Maar, de druk die voel ik wel."

Supporters

Ynwenners fan Flylân binne der hiel wiis mei dat der wer in earste alvetal is. Snein stiene der sa'n fjirtich ynwenners fan Flylân lâns it fjild. En ek al binne de sportive resultaten der noch net. Se genietsje derfan. "Nee, maar het gaat een keer gebeuren, dat doelpunt. En dan moeten we er een standbeeld voor neerzetten. Ah, joh, wat is het toch heerlijk dat er weer voetbal is op Vlieland!", sa seit in ynwenner. "Wij blijven gewoon trouw komen iedere week", seit in oare supporter.

Fertrouwen yn de nije trainer is der ek. "Ja, dat gaan we merken. Ik zie het nu al een beetje. Van achteruit begint men een beetje meer samen te spelen. Hiervoor was het al helemaal een warboel."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld wie by de earste wedstriid fan de nije trainer Kerst Heida

Yn maart 2018 wie in histoaryske dei op Flylân. Foar it earst waard in offisjele wedstriid ûnder de flagge fan de KNVB spile. Ien fan de jeugdteams hie de primeur.

Trefwurden: 
Flylân fuotbal VSV '31
(advertinsje)
(advertinsje)