Kamminga hellet tredde oerwinning op Weissensee

27 jan 2020 - 11:58

Manon Kamminga fan Haulerwyk hat moandei de twadde Grand Prix-wedstriid op de Weissensee wûn. Nei 40 kilometer wie se de rapste op de einstreek. Elsemieke van Maaren waard twadde, Ineke Dedden einige as tredde.

Kamminga wûn tongersdei ek al de earste Grand Prix-wedstriid, nei't Marijke Groenewoud in reade kaart krige en út de útslach skrast waard. It is al mei al de tredde oerwinning fan Kamminga op it Eastenrykske iis. Sneon wie se de rapste by it Iepen NK op natueriis. "Drie uit drie, dat is wel bijzonder. Voor mij was zaterdag belangrijker en dat was het mooiste dat ik hier kon behalen", fertelt Kamminga nei ôfrin.

Se hie moandei fernaam dat se net te betiid sprinte woe, om't de oaren op har lette soene: "Ik wilde vandaag niet als eerste gaan, dus ik heb gewacht, gewacht en gewacht tot iedereen ging."

Alternative Alvestêdetocht

Woansdei is de lêste wedstriid op de Weissensee: de Alternative Alvestêdetocht. Kamminga soe dus noch in hûndert persint skoare helje kinne: "Ik denk dat ik me daar niet blind op moet staren. Je moet zoveel dingen goed doen. Ik heb één keer een 200 kilometer uitgereden. Ik weet niet wat het weer woensdag gaat doen, dus ik ga gewoon van start om de wedstrijd uit te rijden. Want dan doe ik goede zaken voor het klassement. Ik hoop dat we vier uit vier voor de ploeg gaan halen, dat is belangrijker."

Foto: Tims Imaging

Manlju

Der wie gjin Frysk sukses by de manlju. Dêr gie de oerwinning yn de einsprint nei Bart Hoolwerf, foar Crispijn Ariëns en Luc ter Haar.

(advertinsje)
(advertinsje)