Fryske ferhalen en fersen socht foar Rely Jorritsmapriisfraach

27 jan 2020 - 11:48

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2020 is iepensteld. It is de 66ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa't gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere.

Foto: Omrop Fryslân

In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro. De sjuery foar 2020 bestiet út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. Oant en mei snein 10 maaie kin ynstjoerd wurde.

Rely Jorritsma (1905-1952), berne yn Jellum, hie yn syn testamint bepaald dat alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moast foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.

(advertinsje)
(advertinsje)