Hannelsmisje nei Sina ôfsein fanwegen maatregels coronafirus

27 jan 2020 - 11:11

De hannelsmisje fan takom moanne nei Sina, dêr't ek de provinsje Fryslân oan dielnimme soe, giet foarearst net troch. Organisator First Class Business Travels hat dat besletten, ûnder mear fanwegen de opskuor oer it coronafirus.

Neffens Gert Bakker fan First Class Business Travels hat hy sinjalen krigen dat Sina mooglik alle groepsreizen foarearst tsjinhâlde wol. Mei dat, en alles om it coronafirus hinne yn de efterholle, hat hy besletten de hannelsmisje ôf te sizzen. "We hebben besloten om de reis te verplaatsen. Dat besluit hebben we zelf genomen, natuurlijk in overleg met de provincie. Gezien de situatie dat het virus zich nog steeds uitbreidt is het verstandiger om daar niet naartoe te reizen."

Foar de simmerfakânsje

Njonken dy soargen stie it trochgean fan de reis al in skoftke faai, om't der noch wat te min ynteresse wie. Der is in opsje om de reis noch wol foar de simmerfakânsje út te fieren, mar dêroer is no noch gjin dúdlikheid. Bakker: "Het plan was om voor de zomervakantie te gaan, maar dat plan laat ik nu afhangen van het overleg wat verstandig is. Dat heeft vooral te maken met de ontwikkeling van de ziekte. Blijft dat zoals het nu is, dan is het denk ik verstandig om de reis niet meer voor de zomervakantie te organiseren."

Hannelskontakten

Bakker is net benaud dat de kontakten tusken Fryske bedriuwen en Sineeske hannelspartners troch it Coronafirus yn gefaar komme. "De Friese bedrijven hebben vanaf de vorige reis in juni contacten onderhouden met Chinese bedrijven. Dat het nu op dit moment wat stiller is, heeft vooral te maken met het feit dat het vakantietijd is in China en mensen niet op kantoor zitten. Dat krijg je ook als antwoord wanneer je een mail stuurt. Ik verwacht geen enkele problemen."

Gert Bakker oer de hannelsmissy

besite út Sina - Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Poepjes

Ut namme fan de provinsje soe deputearre Sietske Poepjes dielnimme oan de hannelsmisje. Der wie ek konkrete ynteresse fan de gemeente Ljouwert en in soad bedriuwen om mei te gean nei de Sineeske provinsjes Heilongjiang en Sichuan. De hannelsmisje soe fan 22 oant en mei 29 febrewaris plakfine.

Ofrûne simmer noch gie in Fryske delegaasje nei deselde provinsjes yn Sina, ûnder lieding fan de doetiidske deputearre Klaas Kielstra. Yn de jierren dêrfoar waard ek in soad nei it lân ôfreizge.

Coronafirus

De Sineeske oerheid hat yngripende maatregels nommen om fierdere fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Der binne al tsientallen minsken ferstoarn as gefolch fan it firus.

(advertinsje)
(advertinsje)