Brânwacht Snits yn aksje foar autobrân

27 jan 2020 - 10:54

De brânwacht fan Snits moast yn de nacht fan snein op moandei yn aksje komme foar in autobrân yn Snits. By de melding stie dat it om in wenningbrân gong, mar gelokkich foel dat ta. Op it plak fan de brân die bliken dat it om in auto gong.

Foto: Brandweer Sneek

De brânwacht hie de autobrân rap ûnder kontrôle. Fan de auto bleau lykwols neat oer.

Trefwurden: 
brânwacht Snits autobrân
(advertinsje)
(advertinsje)