Bantegea klear foar strange winter: "It hat al fierstente lang duorre"

De winter: se binne der klear foar yn Bantegea. De iisbaan leit der kreas by, de akkommodaasje is skjin en de keuken is klear om waarme sûkelademolke te meitsjen. IIsmaster Jelle Wesselius kin net wachtsje. "De lêste jierren is it 'droefheid' troef."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Sûnt 15 jier hat Bantegea in nij gebou by de iisbaan stean. Dizze akkommodaasje wurdt troch meardere klups brûkt. Sa oefenet bygelyks de toanielferiening yn it gebou en wurdt it dochs noch brûkt. Want al in pear jier op rige is de iisbaan mar in hantsjefol dagen iepen west. Yn Bantegea stean se dan ek te springen om in kâlde winter.
Jelle Wesselius is iismaster en makket him noch gjin echte soargen oer de takomst fan de iisbaan: "Wy ha wol faker sokke lange perioades hân dat it net sa kâld waard. It is net hielendal nij, mar dy ekstremen sille wol hieltyd grutter wurde. Mar as it der dan yn batst, dan kinst ek sa wol wer fjouwer wike 20 sintimeter iis op de iisbaan ha."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de iisbaan yn Bantegea
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Wesselius mist benammen de sfear fan it reedriden. "Ik genietsje ferskriklik fan dy bern dy't mei harren fjouweren op it bankje sitte by de iisbaan mei fan dy âlderwetske snotbongels út de noas. Dat is fantastysk. Sjochst dat bern genietsje fan it riden op echt iis. Hielendal as se de slach te pakken krije."
IIsbanen ha dan ek in wichtige funksje fynt Wesselius. "Hjir begjint de leafde foar it reedriden. No't it bûteniis op him wachtsje lit, gean wy alle jierren mei de bern út Bantegea fergees nei Thialf om se entûsjast te meitsjen foar it reedriden."
IIsmaster Jelle Wesselius makket elkenien wekker
Mar kinsto echt net sûnder iis en wolst lekker ride? Doch mei oan de Omrop-aksje en win in keunstrydbaan!
De iiswike is dizze wike, fan 27 jannewaris oant en mei 2 febrewaris, by Omrop Fryslân.