Kollum: "Mei de mûle fol tosken"

"Opskuor ôfrûne wike doe't bliken die dat elkenien meisjen koe nei de befeiligingskamera's fan in orthodontistepraktyk yn Drachten. Justerjûn liet it programma Pointer sjen hoe maklik it is om in befeiligingskamera te 'hacken', nammentlik troch simpelwei it juste IP-adres yn te typen. De Autoriteit Persoonsgegevens spruts fan in datalek; by de ortodontistepraktyk sels fûnen se it allegear wol wat tafallen.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Grappich dat hjir sa'n opskuor oer ûntstiet, want soest sizze dat wy yn ús hjoeddeistige reality-libben sa stadichoan wol wat wend binne. Wy kinne op telefyzje ommers hast allinnich noch nei programma's sjen dêr't minsken yn filme wurde mei allerhanne stikeme kamera's. Dat begong yn 1999 mei Big Brother. Dêrnei folge it iene nei it oare programma. De Bus, Utopia, Temptation Island, neam se mar op.
En de reality-programma's bliuwe mar kommen. Nim no it nije programma Lang Leve de Liefde. Dat is in saneamd 'slow datingprogramma', wêrby't in steltsje dat elkoar net ken, fuortendaliks tegearre wenjen giet om te sjen oft de fonk oerspat. Ik moat der net oan tinke dat elkenien meisjocht hoe't ik mei in wyldfrjemden op 'e bank sit en krampachtich besykje om in goed petear op gong te hâlden.
In earste date - dat wit elkenien - is sawiesa altyd ûngemaklik. Seker yn it begjin. Mar just dat ûngemaklike gefoel smyt goeie telefyzje op. Dat is ek it geheim achter Boer Zoekt Vrouw. Wy smulle allegearre fan dy ûnhandige boeren, dy't gjin flaubenul ha fan hoe't se in frou oansprekke moatte. Lit stean hoe't se in earste move meitsje moatte, wylst hiel Nederlân fanôf de bank ropt: 'Fint, pak ta!' Mar just dat ûngemaklike makket it programma sa leuk.
Wy ha de earste útstjoering fan it nije Boer Zoekt Vrouw-seizoen op 23 febrewaris al yn de aginda stean. Oant dy tiid sitte wy thús alle jûnen foar First Dates. De titel seit it al: it programma lit steltsjes yn in restaurant sjen dy't in first date ha. Se kenne elkoar net en geandewei it iten moat blike oft se goed matched binne. En dat smyt soms ferrassende kombinaasjes op, want geregeld sitte wy mei de mûle fol tosken op 'e bank as beide torteldokes oan de ein fan de útstjoering 'ja' sizze op de fraach oft der in ferfolchdate komt.
Oer de mûle fol tosken sprutsen: dat sille al dy ortodontistepasjinten ek hân ha doe't se hearden dat elkenien meisjen koe by harren behanneling. De fraach is fansels oft dat ek wier bard is. Ik tink dat it wol in slach tafalt. Ik kin spannendere telefyzje betinke as de bylden fan in toskedoktersstoel. Mar dêr giet it úteinlik net om. It giet om it feit datst yn byld bist, sûnder datst dat wolst. Dêr sit it grutte ferskil yn mei oare realityprogramma's: al dy kandidaten ha tastimming jûn.
Miskien bringt dit akkefytsje John de Mol noch op in nij idee foar in folgjend realityprogramma. Sjongende toskedokters en in steltsje BN'ers, dy't de behannelstoel draaie kinne as se it wat fine. De titel leit foar de hân: 'Wie kiest Nederland?'"