UPDATE: Gjin file mear tusken Drachten en Grins nei ûngelok

Ferkear op de A7 tusken Drachten en Grins hie moandeitemoarn in soad lêst fan in ûngelok mei in transporterbuske dat yn 'e sleat bedarre. Troch it ûngelok stie der in lange file mei opûnthâld dat oprûn ta mear as in healoere. Yntusken is de file wer fuort.
© ProNews Producties
De brânwacht koe de minsken yn it buske út de sleat helje. De slachtoffers binne troch ambulânsepersoaniel kontrolearre. Troch it ûngelok stie der in flinke file fan sa'n 9 kilometer.