Efkes de kop der by: hoe hâldsto dyn harsens sûn?

27 jan 2020 - 07:20

Hoe hâld ik myn harsenen sûn? Dat is de fraach dy't moandeitejûn sintraal stiet by in lêzing yn de biblioteek op It Hearrenfean. De lêzing wurdt jûn troch Anneke Brouwer fan de Hersenstichting. Elkenien is fan herte wolkom. "Het is nooit te laat om je leefstijl aan te passen."

Foto: ANP Foto

Hieltyd faker krije wy te meitsjen mei harsenproblemen. Dat hat benammen te krijen mei it feit dat wy hieltyd âlder wurde. Brouwer fynt it dêrom wichtich dat der mear omtinken is foar dit ûnderwerp: "De lezing is bedoeld om de bewustwording te vergroten over wat je zelf kunt doen om zo goed mogelijk voor je hersenen te zorgen. Ik zoom in op vier hoofdonderwerpen: slaap, training, beweging en voeding in combinatie met de hersenen."

Fokus op de jongerein

Sliep is hiel wichtich, seit Brouwer. "Ik laat zien wat er met je brein gebeurt als je niet goed slaapt." Mar ek de oare trije tema's binne hiel belangryk foar de harsens. "Zenuwcellen in de hersenen die afsterven, groeien niet weer aan. Het is zeker goed om dit ook bij jongeren duidelijk te maken. We houden daarom ook lezingen voor jongeren."

Nea te let

De belangstelling foar dit soarte fan lêzings nimt ta, fernimt Brouwer. "De lezingen zitten altijd goed vol. We hebben allemaal hersenen en hebben hier allemaal mee te maken. Het is nooit te laat om je leefstijl aan te passen."

Anneke Brouwer fan de Hersenstichting

Trefwurden: 
Hersenstichting harsens
(advertinsje)
(advertinsje)