Nije Skylger tsiismakkerij goed foar greidefûgels

Op West-Skylge is dit wykein in nije tsiisfabryk iepene, dy't yn de takomst mooglik sa goed as alle molke op it eilân ta tsiis ferwurkje kin. Dizze eilanner tsiisspesjaliteiten fan De Terschellinger smite de boeren ekstra jild op.
Nije Skylger tsjiismakkery goed foar greidefûgels
Boeren brûke it ekstra jild om minimaal 20 prosint fan de greiden fûgelfreonlik yn te rjochtsjen en te behearen foar greidefûgels. Yn de Skylger polder dogge greidefûgels it relatyf better as op de fêste wâl, al rint hjir ek it tal briedende ljippen hurd werom.
Foar strânljippen is it lykwols in hiel wichtich gebiet, seit direkteur Fred Wouters fan Vogelbescherming Nederland dy't ek by de iepening wie. "Het is één van de belangrijkste gebieden ter wereld voor deze soort."
Der briede sa'n tûzen spantsjes strânljippen yn de polder. De fûgelbeskerming hat mei it projekt Polderpracht yntinsyf belutsen west by de ûntwikkeling fan it hiele konsept.
Boargemaster Bert Wassink fan Skylge sprekt by de iepening yn it tsjiispakhús © Remco de Vries, Omrop Fryslân
De romte dy't boeren reservearje foar greidefûgels moat al betelle wurde en dêrfoar moatte dus de tsizen fan De Terschellinger soargje.
De ferhuzing fan Aasterein nei West-Skylge is omdat de kapasiteit omheech moat: de tsiizen ferkeapje goed. "We liepen tegen de grenzen aan en nu we hier zitten, kunnen we verder groeien", seit direkteur Martine Stremler.
"Het afgelopen jaar hebben we twee miljoen liter melk verwerkt. Dat is ongeveer 200.000 kilo kaas. Het komend jaar wordt dat ongeveer 250.000 kilo."
"We hopen dat het langzaam doorgroeit en dat we uiteindelijk misschien alle melk van het eiland gaan verwerken", seit Stremler. De romte om dat te dwaan is der no.
De tsjiismakkery © Remco de Vries, Omrop Fryslân