UPDATE: Konifeare-brânstichters yn Drachten binne 13 en 14 jier

27 jan 2020 - 09:34

De plysje hat sneintejûn twa jonges fan 13 en 14 jier op 'e died betrape doe't se op de Fabryksleane yn harren wenplak Drachten konifearen yn de brân stutsen. In plysjeman hie him ferstoppe yn in konifearehage doe't de beide jonges besochten om de hage yn de brân te stekken. De beide fertochten sitte noch fêst.

Foto: De Vries Media

De plysje ûndersiket oft de twa jonges út Drachten ek ferantwurdlik binne foar ferskate oare konifearebrannen de ôfrûne moannen yn Drachten. Se wurde moandei heard en dêrnei beslút de plysje oft se wer nei hûs meie.

(advertinsje)
(advertinsje)