UNIS Flyers ûnderút yn en tsjin Geleen

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de BeNe League-wedstriid tsjin de Microz Eaters Limburg ferlern. Yn Geleen gie de Fryske ploech ûnderút mei 6-2 (0-0, 1-2, 6-2).
Unis Flyers tsjin Nijmegen Devils © Martin de Jong
Yn de iepeningsfaze fan de wedstriid gong it sneintejûn lyk op. Beide ploegen slaggen der net yn om in goal te meitsjen yn de earste perioade, mar yn de twadde perioade feroare dat.
Trevor Hunt sette de Friezen yn it begjin fan dy perioade op foarsprong. Net folle letter slagge Adam Bezak deryn om de foarsprong út te wreidzjen oant 2-0. De Microz Eaters wisten de goal ek te fynen: 1-2.

Minne tredde perioade

Dêrnei krigen se it dreech. De Microz Eaters profitearren en namen yn de tredde perioade de foarsprong rom oer.
Goalie Martijn Oosterwijk moast de iene nei de oare puk út it net fiskje en yn in pear minuten stie it 5-2.
It waard 6-2 yn Geleen. Foar de UNIS Flyers is it de twadde nederlaach yn de BeNe League. De ploech giet noch altyd oan kop yn it klassemint.
Sneon spilet de ploech thús op Thialf tsjin de Antwerp Phantoms.