Schulting brekt nei Europeeske titel: "Vet dat ik dit samen met mijn ouders mag meemaken"

26 jan 2020 - 18:41

Suzanne Schulting hold it net drûch nei ôfrin fan it Europeesk kampioenskip shorttrack. Se bruts, doe't ferslachjouwer Roelof de Vries har frege wat it foar har betsjut dat har heit en mem der beide by wiene, yn Hongarije.

De heit fan Suzanne, Jan Schulting, is fuotbaltrainer, en dêrom kin er yn it wykein faak net by de iisbaan wêze. "Hij was er vorig jaar ook bij in Dordrecht, en dat hij er nu weer bij is, is echt fantastisch. Ik vind het gewoon vet dat ik dit samen met mijn ouders mag meemaken."

Schulting waard mei oermacht Europeesk kampioen. Se wûn op alle ôfstannen, en ek yn de relay. Allinne yn de superfinale net, doe krige se in penalty.

"Hier kun je alleen maar van dromen. Het was een perfect weekend: vijf uit vijf. Ik voel zoveel blijdschap van binnen, ik ben benieuwd of ik vannacht kan slapen."

"Het is shorttrack, er ligt altijd een gevaar op de loer. Nu heb ik het 100 procent goed gedaan. Dat is lekker."

(advertinsje)
(advertinsje)