Kuorbal League: striid om de play-off plakken leit wer iepen

26 jan 2020 - 16:52

Yn de top fan de Kuorbal League wie it "bijltjesdag". Sawol koprinner TOP út Sassenheim as de nûmer twa LDODK ferlearen, wylst de konkurrinten yn de middenmoat tichterby slûpe.

Foto: LDODK

De boppeste fjouwer ploegen stride oan de ein fan de reguliere kompetysje fia de play-offs foar in finaleplak yn Ahoy. Op dit stuit binne noch sân teams yn de race foar de top-4.

De slotfaze fan KZ tsjin LDODK is hjirûnder te sjen, it begjint op de stân 25-23.

Yn Koog aan de Zaan stie it yn it skoft 13-13. Yn de twadde helte rûn KZ út nei 22-18, mar LDODK kaam yn de lêste minuut werom ta 27-26. Jordi Pasma bepaalde nammens KZ de einstân op 28-26.

Troch it ferlies dielt LDODK no it twadde plak mei PKC, en is it ferskil mei KZ en Fortuna noch mar twa punten. Neffens LDODK-spylster Diana van der Vorst is der gjin sprake fan paniek, mar de kommende wiken sille De Gordyksters fol oan de bak moatte.

Nei 11 wedstriden binne noch 7 fan de 10 ploegen kânshawwer foar de play-offs. Nei 18 duels wûrdt de balâns opmakke: de nûmers 1 o/m 4 spylje dan de heale finales. De beide winners spylje op 4 april de finale om de lânstitel yn Ahoy, Rotterdam.

Stand Korfbal League op 26/1/2020

Korfbal League Wedstrijden Punten
1. TOP (Sassenheim) 11 17
2. PKC (Papendrecht) 11 16
3. LDODK 11 16
4. KZ (Koog aan de Zaan) 11 14
5. Fortuna (Delft) 11 14
6. DOS'46 (Nijeveen) 11 12
7. DVO (Bennekom) 11 11
8. Blauw Wit (Amsterdam) 11 6
9. Groen Geel (Wormer) 11 2
10. Tempo (Alphen a/d Rijn) 11 2
(advertinsje)
(advertinsje)