Letitia de Jong wint NK sprint, Femke Kok pakt wrâldrekôr junioaren

Letitia de Jong hat yn Hearrenfean de Nederlânske sprinttitel wûn. It sulver is foar Jorien ter Mors, en it brûns is foar Femke Kok.
Letitia de Jong © ANP
De Jong wûn sneon de 500 en de 1.000 meter op de KPN NK sprint en snein heakke se dêr de winst op de 1.000 meter oan ta. Se ride yn de lêste rit in tiid fan 1.14,42. Dêrmei wie se 0,88 flugger as Ter Mors.
"Ik woe fjouwer goeie races ride", sei De Jong nei ôfrin. "Spitich dat ik de 500 meter net wûn. mar it wie poerbêst. Foaral de lêste rit. Ik ha noch noait sa fluch riden hjir."
Letitia de Jong
Femke Kok is 19 jier âld, en eins noch junior. Se ried in nij wrâldrekôr punten foar junioaren, mei 151.995 punten.
Op de 1000 meter waard se tredde yn in nij persoanlik rekôr fan 1.15,64. Earder op de dei wûn se de twadde 500 meter, yn it tiid fan 39,94. Dêrmei wie se 0,05 flugger as De Jong, dy't twadde waard.
Femke Kok
By de mannen foel Jesper Hospes op. Hy waard fjirde yn it algemien klassemint. Sa goed hie er it noch noait dien.
Hospes waard tredde en fjirde op de 500 meter, en op de 1000 meter waard er twa kear achtste.
Jesper Hospes snein