Suzanne Schulting rydt oppermachtich nei goud op EK: "Dit is echt sick!"

26 jan 2020 - 17:12

Suzanne Schulting is Europeesk kampioen shorttrack wurden. Nei winst op trije ôfstannen kin se yn de superfinale net mear ferslein wurde.

Foto: ANP

Der stiet gjin maat op de 22-jierrige Schulting. Se stie yn totaal 13 kear oan de start op dit EK, en se wûn al har races mei oermacht.

Sneon pakte se it goud op de 1500 en de 500 meter. Snein waard se earste op de 1000 meter.

"Dit is echt sick"

Schulting reagearre nei ôfrin fan de wedstriid by de NOS. "Dit is echt top. Gewoon in drie afstanden drie keer goud. Ik vind het echt sick!" sei se.

Mei de relayploech pakte Schulting ek noch in gouden medalje. De Nederlânske mannen wûnen sulver, nei de diskwalifikaasje fan Hongarije.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat.

(advertinsje)
(advertinsje)