Antoinette de Jong is Nederlânsk kampioen allround

Antoinette de Jong is snein foar de twadde kear Nederlânsk kampioen allround wurden by it reedriden yn Thialf op It Hearrenfean.
© ANP
Op de lêste ôfstân, de fiif kilometer, moast se de winst oan Carlijn Achtereekte litte. Se ried in tiid fan 6.58,38.
Mar troch har goede prestaasjes op de oare ôfstannen is De Jong de bêste fan it kampioenskip.
Antoinette kampioen
Melissa Wijfje einige as tredde op de fiif kilometer en einige dêrmei as twadde yn it einklassemint. Dêrmei mei se mei Ireen Wüst en De Jong nei it WK allround yn Noarwegen.
Yn 2016 wie De Jong foar it earst Nederlânsk kampioen.