Teäterstik Joadske Brulloft yn premjêre: tematyk noch hieltyd aktueel

26 jan 2020 - 13:30

André Boers is bliid ferrast troch it teäterstik De Joadske Brulloft dat fan it wykein yn Ljouwert yn premjêre gien is. Boers is de soan fan Mimi Dwinger en Barend Boers dy't yn 1939 yn Ljouwert trouden. Fan de brulloft binne filmopnames makke. Dizze unike bylden binne in pear jier lyn ûntdutsen. Dêr is it stik op basearre.

It stik set útein mei in koarte kuier troch de Joadske wyk. Der wurde in oantal ferhalen ferteld fan Joadske minsken dy't hjir wenne hawwe. - Foto: Udo Thijssen

Boers hie earst syn twivels oer it teaterstik. Der is al in boek oer skreaun en der is in dokumintêre oer makke, mar hy fynt it stik in moaie oanfolling. "Het verhaal van mijn ouders is intact gelaten. Anderzijds komen de problemen van vluchtelingen, vervolging, het opnieuw opkomend fascisme en opnieuw de extreem rechtse gevaren die wij vandaag ervaren in het stuk naar voren. Het wordt in een breder kader geplaatst."

Iedereen heeft zijn eigen verhaal.

André Boers

As foarbyld neamt hy de persoanlike ferhalen fan de spilers, dêr't se sels yn it stik oer fertelle. "Er is een Arameeër, een van Molukse afkomstige speelster en Lucette van den Berg met haar persoonlijke verhaal over haar Joodse komaf. Iedereen heeft zijn eigen verhaal. Heel anders natuurlijk dan het verhaal van mijn ouders, maar er is wel een gemene deler. Enerzijds het bewustzijn van waar je persoonlijke wortels liggen. Anderzijds: wat doe je met je wortels in je volwassen leven? Blijf je wie je was of ontwikkel je je op waar je wortels vandaan komen? Dat is een van de sterkte punten denk ik van het toneelstuk."

Foto: Udo Thijssen

Boers fynt it wichtich dat we in iepen each hâlde."Ik wil met de film en misschien ook wel met het stuk naar veel meer plaatsen toe. Het is dan wel het verhaal van Leeuwarden omdat hier het huwelijk heeft plaatsgevonden, maar dezelfde dingen zijn gebeurd in ieder dorp en iedere stad in heel Nederland en ook daarbuiten, in Europa." Hy fynt dat dizze ferhalen oeral ferteld wurde moatte.

André Boers oer it stik

(advertinsje)
(advertinsje)